Stellen auto yn Seelân fûn

06 mrt 2010 - 14:26

In Peugeot 308 dy't yn septimber ferline jier stellen is by in garaazje op It Hearrenfean is weromfûn yn Seelân. De auto siet by Goes fêst yn 'e modder en hie grutte skea. De kentekenplaten wiene der ôfhelle. Mei help fan it chassisnûmer kaam fêst te stean dat de auto stellen wie.

Fêststeld is dat de auto te hurd riden hat yn 'e omkriten fan Rotterdam. Fierders is de bestjoerder útnaaid by in plysjekontrôle. Hy wist doe te ûntkommen.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)