Minder beammen del as pland

Der wurde 75 beammen minder kapt by it Drachtsterplein yn Ljouwert as earst de bedoeling wie. Dat hat de gemeente bekend makke. Foar de ombou fan it plein en de bou fan in akwadukt moatte kabels en liedings ferlein wurde. Derfoar soene 175 beammen kapt wurde.
Tegearre mei de nutsbedriuwen hat de gemeente socht nei mooglikheden om beammen te sparjen. Under oare KPN sil no kabels op in oar plak lizze. Yn 2011 wurdt begûn mei de werynrjochting fan it plein.