Nij jeugdsintrum yn Burgum

De jeugd yn Tytsjerksteradiel krijt in nij eigen plak. Dêrfoar is in cheque fan 10.000 euro útrikt oan 'e betinkers fan it plan.
Jongeren koene ideeën ynleverje oer wat sy graach foar 10.000 euro hawwe wolle soene yn 'e gemeente. Dat hie de gemeente betocht om de jeugd mear by de gemeenteriedsferkiezings te belûken. Op ferkiezingsdei keas in mearderheid foar in nij jongereinsintrum yn 'e gemeente. It sil komme yn Burgum.