DeWall heechste binnenkommer

Jan Jaap van der Wal rikte de cd út yn Romein
It nije album 'Balloon over Paris' fan sjongeres Elske DeWall út Ljouwert is op nûmer 18 binnenkaam yn de album-top-100. It album waard ferline wike freed presentearre yn in útferkocht poppoadium Romein yn Ljouwert. Balloon Over Paris is de heechste binnenkommer yn de top 100 fan dizze wike.
No moandei is de lanlike presintaasje fan de cd yn Paradiso yn Amsterdam. Balloon over Paris is it debútalbum fan DeWall.