KNGU: Gjin ûntslach Speerstra

De gymnastykuny KNGU en turntrener Gerard Speerstra wolle neat sizze oer harren konflikt. Dat skriuwt de uny yn in ferklearring. Deryn stiet ek dat Speerstra skorst is en dat der op dit stuit petearen fierd wurde. De KNGU ûntkent dat Speerstra dien krigen hat.
Op It Hearrenfean by it topsportsintrum binne se der fan oertsjûge dat de trener net werom komt en dat nei hast 18 jier de breuk tusken Gerard Speerstra en turner Epke Zonderland in feit is.