Provinsje wol minder ôffal

05 mrt 2010 - 17:22

De provinsje komt nei de simmer mei in plan om it Fryske smoargens mei in kwart ôfnimme te litten. Dêrfoar wurde gesprekken fierd mei gemeenten, Omrin en ûndernimmers. Ien fan de plannen is om mear guod dat no yn it grut smoargens telâne komt oan te bieden oan de kringloopwinkels en te brûken foar recycling.

Neffens ûndernimmers kinne âlde meubels folle langer brûkt wurde as no tocht. In bank dy't hjir ôfskreaun is, kin noch wol nei East-Europa of Afrika.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)