Hûs yn Burdaard leechstellen
Ut in hûs oan It Spyk yn Burdaard is in soad guod stellen. De eigener (44) út Reitsum ûnduts de dieverij sneontemiddei. Der mist in ôfwaskmasine, waskmasine, túntrekker, stofsûger, magnetron en in antike houten kast. It hûs wie net bewenne.