Hieltyd mear deade fisken

By de Angelsportfederaasje Fryslân komme hieltyd mear meldings binnen fan deade fisken. It giet dan net allinnich om stedsfivers, mar ek om natoergebieten. It hat alles te krijen mei it winterwaar. Der hat lang iis lein mei in laach snie derop.
Benammen op plakken dêr't net in soad wetter stiet, rekket dêrtroch de soerstof op en geane de fisken dea. Dat kin noch folle gruttere foarmen oannimme as no bekend, want al it iis is noch net fuort.