Frijmakke tsjerke hâldt op

05 mrt 2010 - 12:16

De frijmakke-grifformearde tsjerke fan Damwâld hâldt op te bestean. De gemeente is te lyts wurden om selsstannich fierder te gean en de gearwurking mei tsjerken yn de omjouwing is net fan de grûn kommen.

Op 1 april komt der offisjeel in ein oan de tsjerke. Dy hat dan goed 65 jier bestien. De 90 leden fan de tsjerke moatte no op syk nei in nije gemeente. Dûmny Buitenhuis fan Noardburgum hat de gemeente yn Damwâld de ôfrûne tiid bystien.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)