Balkster fernielers oppakt

Yn Balk binne trije jonges fan 14 en twa 16 jier oanhâlden. De trije hawwe ferline wike ferskate fernielings oanrjochte yn Balk. It giet om in beskrassen fan auto's en it lekstekken fan autobannen. Ek binne bushokjes fernield.
In tsjûge hat de jonges oan ti wurk sjoen en de plysje warskôge. Sadwaande koene se oanhâlden wurde. Der binne 13 oanjeften by de plysje dien. De jonge fandalen hawwe bekend. De skea fan de fernielings rint yn de tûzenden euro's.