Fûillearaksje yn Ljouwert

05 mrt 2010 - 10:44

Yn it sintrum fan Ljouwert hat de plysje tongersdei in previntive fûillearakje hâlden. Hast 300 minsken binne fûillearre. Der binne njoggen messen, fjoerwurk, in hockeystick, in luchtbuks en ek drugs yn beslach nommen. Ek 300 autobestjoerders binne kontrolearre.

Tsjin njoggen minsken is prosesferbaal opmakke om't se mei tefolle drank op rieden of gjin rydbewiis by har hiene. Oan de aksje diene mear as fyftich plysjes en maresjesees mei.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)