Fragen oer ferkearsregelers

05 mrt 2010 - 10:27

CDA-keamerlid Joop Atsma wol mear dúdlikheid oer de posysje fan ferkearsregelers. Oanlieding is in rjochtsaak oer in ynsidint by de Bartlehiem-skeelertocht augustus 2008.

Twa ferkearsregelers twongen dêr in automobilist te stopjen. De sjauffeur die dat net en ried de manlju tsjin de skonken. Ien fan de regelers tikke dêrnei mei in warskôgingsflachje tsjin it foarrút fan de auto wêrtroch't der in barst ûnstie. Ferline wike moasten de twa manlju foar de rjochter ferskine.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)