Hamburger roeit yn 'Boat Race'
Sjoerd Hamburger docht opnij mei oan de 'Boat Race'. Foar it twadde jier op rige sil de Aldeberkeaper in plak krije yn de Acht fan Oxford. Op trije april sil dy it op de Theems foar de 156ste kear opnimme tsjin Cambridge.
Hamburger is ek oanwiisd as 'presidint'. Hy is de earste Nederlanner dy't dy eare krijt.