Boubeurs yn WTC giet net troch

04 mrt 2010 - 21:29

De boubeurs 'BouwExpo' yn it WTC Ljouwert giet net troch fanwege de krisis. Der wienen dit jier mar 14 ûndernimmers dy't in plakje ha woene op de beurs dy't ein april holden wurde soe. En om út te kinnen moatte der minstens 100 standhâlders wêze.

De BouwExpobeurs wurdt om de twa jier holden en it soe dit jier foar de tredde kear wêze. WTC Ljouwert hat lykwols gjin lêst fan de krisis. Beurzen yn oare sektoaren dogge it poerbêst.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)