'Van der Meulen' út famylje

04 mrt 2010 - 20:00

It famyljebedriuw Van der Meulen út Snits komt nei 130 jier yn oare hannen. It bedriuw is foaral bekend fan it boartersguod, De twa beide direkteuren Bakker en Zandberg nimme de oandielen fan de famylje oer en wolle it bedriuw flink groeie litte.

It bedriuw is benammen aktyf yn Nederlân en België, mar wol de kommende tiid ek guod ôfsette yn de rest fan Europa. Der wurkje no goed 70 minsken by Van der Meulen, mar dat kinne de kommende jier mear wurde.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)