Yn briedseizoen hûnen fêst

It Lauwersmargebiet
Goed nijs foar de reeën en briedende fûgels yn it Lauwersmargebiet. Fan Steatsboskbehear meie tenei tusken mids maart en mids july de hûnen net mear losrinne. Yn it Ballastplaatbosk wie in soad oerlêst troch hûnen. Benammen reeën moasten it belije.
Yn oerlis mei de hûnebesitters is besletten om it hûnelosringebiet yn stân te hâlden, mar yn de briedtiid de bazen te ferplichtsjen har hûnen yn in part dêrfan oan de riem te dwaan.