Langer foararrest messeswaaier

04 mrt 2010 - 16:45

It foararrest fan de 41-jierrige ynwenner fan Sweagerbosk is mei tritich dagen ferlinge. De man waard yn jannewaris by in skoalle op It Hearrenfean troch de plysje delsketten, omdat er mei alle geweld de skoalle yn woe. Hy swaaide dêrby mei in mes.

Hy is oanhâlden op fertinking fan in besykjen ta gizeling, bedriging en brânstichting yn syn eigen hûs. De man sit fêst yn de finzenis fan Scheveningen.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)