Arriva krijt boete

04 mrt 2010 - 14:52

Ferfiersbedriuw Arriva fan It Hearrenfean hat fan de rjochter yn Den Bosch in boete oplein krigen fan 27.500 euro. De boete is foar it riden mei ûnfeilige bussen yn 2007.

De ferfierder krige ein 2006 op it lêste momint te hearren dat it it ferfier yn Noardeast-Brabân fersoargje mocht. It bedriuw sette yn sân hasten âlde bussen yn. Neffens de rjochtbank is dat gien sûnder dat de bussen goed kontrolearre binne.

Trefwurden: 
argyf
(advertinsje)
(advertinsje)