Weryndielen net kontroversjeel

04 mrt 2010 - 13:49

De Twadde Keamer nimt dochs in beslút oer de SWH-weryndieling. De Twadde Keamerkommisje fynt it ûnderwerp net kontroversjeel. Dat die tongersdei bliken út in kommisjegearkomste.

Troch de fal fan it kabinet wurdt fan alle wetsfoarstellen besjoen oft der no in beslút oer naam wurde kin of dat it op de list mei gefoelige ûnderwerpen komt. As de Twadde Keamer ja seit, moat ek de Earste Keamer noch akkoart gean foar't yn novimber stimd wurde kin foar de nije gemeente.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)