Miljoen skea troch winterwaar
De gemeente Snits hat in finansjele strop fan in miljoen euro troch it winterwaar fan de lêste moannen. Troch de froast hawwe in soad diken skea oprûn en dy moatte no earder oanpakt wurde.
Ek it ekstra struisâlt hat de gemeente aardich wat ekstra jild koste.