Frou (63) by kiel grypt

01 apr 2012 - 14:01

In frou (63) út Ljouwert is sneontejûn mishannele yn har wenplak. Se liet har hûn út yn de Jan Jelles Hofleane doe't in jonge (18) har by de kiel grypte. De jonge fytste mei oaren by de frou del. De jonge, dy't dronken hie, koe letter pakt wurde nei oanwizings fan it slachtoffer. Hy hat in proses-ferbaal krigen.

Trefwurden: 
Ljouwert plysje
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)