SAM grutste partij yn Wommels

De nije gearwurkingspartij SAM is de grutste partij yn de nije ried fan Littenseradiel. SAM krijt fiif sitten yn de nije ried, likefolle as de eardere Partij van de Arbeidfraksje. Dat kinne je nei de reboelje fan de ôfrûne jierren wol opfallend neame.
De FNP wint in sit en komt op fjouwer. It CDA hâldt fjouwer sitten. De VVD ferspilet in sit en is dêrmei de ferliezer fan Littenseradiel. Nijkommer ChristenUnie hellet de kiesdieler net.