Frisse Wind winner yn Harns
Frisse Wind is mei 3 sitten de grutte winner fan de riedsferkiezings yn havenstêd Harns. Frisse Wind is no hast like grut as de PvdA, dat 3 sitten ferlear en noch mar krekt in bytsje grutter is as Frisse Wind.
Njonken Frisse Wind komme ek de SP, D66 en ChristenUnie nij yn de ried fan Harns mei 2 sitten en twa kear ien sit. Njonken de PvdA is ek it CDA in grutte ferliezer yn Harns. De kristendemokraten hâlde 2 fan de 4 sitten oer.
Trefwurden:
argyf