DS10 skoart 12,2 % op Skier

De nije politike formaasje Demokraten Schiermonnikoog '10 wie by de riedsferkiezings op it eilân goed foar 12,2 % fan de stimmen. 75 eilanners brochten harren stim út op de nije politike partij. Fan de trije oare partijen Ons Belang, Schiermonnikoogs Belang en Christelijke Groepering Schiermonnikoogs Belang hie de lêste de minste lest fan de nijkommer.
CGS gie mei 29,5 % in bytsje foarút. Ons Belang bleau mei 34,4 % de grutste partij op Lytje Pôle.