Skier wol de earste wêze

De website fan Skiermûntseach
Skiermûntseach docht der woansdei alles oan om as earste mei in ferkiezingsútslach te kommen. De twa lêste ferkiezings wie de Gelderske gemeente Rozendaal Lytje Pôle krekt foar, mar Skiermûntseach giet woansdei wer foar goud.
Op Skiermûntseach wurde woansdei mei-inoar sa'n 700 stimmers ferwachte, dy't kieze kinne op fjouwer pleatslike partijen. Boargemaster Swart ûnderstreket dat soarchfâldichheid foar snelheid giet.