Beima hâldt op fan hurdfytsen

Marcel Beima sil him no op syn maatskiplike karriêre rjochtsje
Marcel Beima fan Hurdegaryp hâldt fuortendaliks op mei hurdfytsen. Hy is der net yn slagge om in kontrakt yn de wacht te slepen by in oansprekkend profteam. Omdat der dit jier ek syn studzje bedriuwsekonomy ôfmakke hat, wol er him no rjochtsje op in maatskiplike karriêre.
Beima wie sûnt 2003 aktyf yn it hurdfytsen en yn 2007 helle er syn grutste resultaat troch de ronde fan Düren op syn namme te skriuwen. Hy hat ek in staazjeperiode hân by T-mobile.