Drokte stimburo's rint troch

03 mrt 2010 - 17:11

Fryslân rint reedlik lykop mei it lanlik gemiddelde fan minsken dy't ein fan de middei stimd ha. Dat gemiddelde lei boppe de 30 persint. Yn in tal gemeenten leit it persintaazje flink heger. Op Skylge wie de opkomst 45%.

Yn Drachten is it al goed 60%. Yn de lytsere doarpen yn Smellingerlân leit it in stik leger. Op 'e Rottefalle is it 37%. Minsken hoege no net mear by har eigen stimburo te stimmen. Dat mei ek op oare plakken yn de gemeente.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)