Grutte ferskillen yn opkomst

03 mrt 2010 - 16:12

Friezen gean trou nei de stimbus. Ein fan de moarn lei it gemiddelde op 11 prosint. No is dat yn guon gemeenten flink omheech sketten. Op ferskate stimburo's yn Drachten is in opkomst fan 50%. Yn Harns is it 32% en op It Bilt in lytse 24%. Ljouwert en It Hearrenfean sitte noch ûnder de 20%. It lanlik gemiddelde leit op 22 prosint.

Yn Sint Nyk meie âlderen net stimme. Se kinne har net identifisearje om't se gjin rydbewiis of paspoart mear ha.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)