Ynbraak kaartautomaat NS

03 mrt 2010 - 10:53

Yn Snits binne tiisdeitenacht trije manlju en in jonge (15) oanhâlden. Se hiene ynbrutsen yn in kaartautomaat op it treinstasjon yn Drylts.

In plysjeman dy't yn de buert wie, hearde de melding en seach in auto út de rjochting fan it stasjon kommen. Hy ried derachter oan. Yn de Emmastrjitte yn Snits bleau de auto stilstean en naaide ien fan de passazjiers út. De oaren binne fuortdaliks oanhâlden, de fjirde koart dêrnei. De manlju binne fêstset. De NS docht oanjefte.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)