Syktocht nei mooglike skimmers

03 mrt 2010 - 09:55

De plysje hat tiisdeitejûn yn Ljouwert op jacht west nei twa minsken yn in Poalske auto. Se wurde fertocht fan skimmen. In klant sloech alarm om't er de pinautomaat op it ûnbemande tankstasjon fan de Shell op de Oostergoweg net fertroude.

Op de bylden fan de bewakingskamera wie te sjen dat de ynsittenden fan in reade Opel Astra fertocht by de bewuste pomp dwaande wiene. Mei in burgernetaksje besocht de plysje de Opel werom te finen, mar dat slagge net.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)