'Set beammekap stil'

Opsterlân moat dochs de kap fan beammen yn Beetstersweach stopsette, om't wenningboukorporaasje Elkien him net oan de betingsten yn de fergunning hâldt. Dat fine tsjinstanners fan de kap. De trije flearmuzesoarten yn it gebiet soene te min beskerming krije.
It Platform Leefbaarheid Beetsterzwaag wol de beammekap yn it Van Lyndenpark tsjinhâlde, mar krige dat nei ferskate rjochtsaken net foar elkoar. Elkien wol op it plak fan it bosk nije wenningen sette.