Houtkap moat mear opsmite
De feriening Noardlike Fryske Wâlden wol dat alle houtwâlen yn it gebiet troch ien bedriuw snoeid en ûnderhâlden wurde.
De proef 'Energie uit Hout' moat dúdlik meitsje oft dit kin. Op dit stuit soargje de 850 boeren sels foar it ûnderhâld fan de beamsingels. Foardiel fan de unifoarme oanpak is dat in lânskip yntakt bliuwt, de kapkosten omleech geane en dat der in bettere priis foar it hout frege wurde kin. Tiisdei set de proef útein.