Gjin ûndersyk mear nei Nijpels

De finansjele tafersjochhâlders binne ophâlden mei it ûndersyk nei Ed Nijpels oer syn funksjonearjen by de DSB-bank. De Autoriteit Financiële Markten en de Nederlandsche Bank hawwe dat bekend makke. De AFM die it ûndersyk yn opdracht fan âld-minister Wouter Bos fan Financiën.
De eardere Fryske kommissaris fan de Keninginne Nijpels stapte in pear wike lyn op by it pensjoenfûns ABP. Omdat er dizze beliedsbepalende funksje net mear hat, hâldt it ûndersyk no op.