Jild foar sport Hearrenfean

Sportstad Hearrenfean
De provinsje stelt oardel ton beskikber foar de útwreiding fan it projekt 'Heerenveen, Stad van sport'. By dit projekt wurdt de takomst fan Thialf ûndersocht.
Dit komt út de pot jild dy't heart by de ûntwikkeling fan de A7 sône. Ut dyselde pot stelt de provinsje ek nochris 180 tûzen euro beskikber foar de Talentenacademie Heerenveen. Op dy akademy kinne talinten ûnder optimale kondysjes it nivo fan topsporter berikke.