'Basisûnderwiis wurdt better'

02 mrt 2010 - 18:56

De kwaliteit fan it Frysk basisûnderwiis is fan 2007 ôf hieltyd better wurden. Dat blykt út in tuskentiidske evaluaasje fan it projekt Boppeslach fan de provinsje. 90 prosint fan de 105 skoallen dy't meidogge melde ferbetterings. It giet dan benammen om taalferbettering, wurdskat en technysk lêze.

Yn de boppebou moat noch flink wurke wurde oan it rekkenjen. It tal tige swakke skoallen is yn 2009 ôfnaam fan 26 nei 14.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)