Boarnsterhim yn 3 jier sûn

Boargemaster Ton Baas
De gemeente Boarnsterhim komt mar trije jier ûnder tafersjoch fan it Ryk te stean. Dizze tasizzing fan steatssiktaris Ank Bijleveld hat alles te krijen mei it beslút fan de gemeenteried om fan 2013 ôf te weryndielen. Dan moat it húshâldboekje fan Boarnsterhim yn oarder wêze.
Alle problemen lykas it efterstallich ûnderhâld binne dan noch net oplost. Ien en oar makket it folle makliker om ôfspraken te meitsjen mei oare gemeenten oer in weryndieling.