Lauwershage: 230 wurkplakken

Lauwershage, it nije rekreaasje-soarchprojekt yn de Kollumerwaard, moat 230 arbeidsplakken opleverje. Dat waard moandei sein op in PvdA-ferkiezingsbyienkomst.
Op it terrein fan it eardere krûdfabryk Muiden Chemie moat in soart fan resort komme. Dêr komme minsken te wenjen dy't soarch nedich binne. It giet om 350 wenningen. De provinsje moat noch wol beslute oft sa'n projekt mooglik is by it Nasjonaal Park Lauwersmar.