Oppakt foar oplichterij

De stellen shovel
Twa manlju en in frou binne oanhâlden foar grutskalige oplichting fan boubedriuwen yn Surhústerfean en omkriten. In pear wike ferlyn hat de plysje al in Surhústerfeanster (41) oppakt. Hy hat by ferskate bedriuwen boumateriaal, ark en sels in shovel besteld sûnder te beteljen.
De nije fertochten komme út Surhústerfean en Drachten. Se wurde fertocht fan heling en oplichterij. Der binne al hûndert oanjeftes dien. De plysje ferwachtet mear oanhâldings.