Rampoefening op Waadsee

02 mrt 2010 - 13:27

Twa helikopters, seis rêdingsboaten en 140 minsken hawwe tiisdeitemoarn meidien oan in grutte rêdingsoefening op de Waadsee. Der waard oefene op de fearboat de Vlieland. Dêr soe brân ûntstien wêze yn de kombuis. Der wiene tsien minsken ferwûne en dy moasten ôffierd wurde.

De oefening wie ûnderdiel fan it Koördinaasjeplan Rampebestriding Waadsee. De earste yndruk fan de meiwurkers wie dat de oefening goed ferrûn is.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)