Feriening folle âlder as tocht

Se tochten dat se 90 jier bestiene, mar se besteane úteinlik al 106 jier. Dy ûntdekking die de feriening fan Pleatslik Belang yn Sint Nyk.
De leden wiene moandei byinoar foar in feestlike gearkomste fanwege it 90-jierrich bestean. De foarsitter iepene de jûn mei in ferrassende meidieling. By syn speurtocht nei histoaryske feiten kaam er ta de ûntdekking dat de feriening net yn 1920, mar yn 1904 oprjochte is. Dat is in ferskil fan sechstjin jier.