Minder staazje , mear wurk

Hûnderten Fryske jongerein bûge har de kommende wiken oer jeugdwurkleazens. Se reagearje op de kompjûter op stellings oer wurk en kinne ek mei oplossings komme. Oan de chatsesjes dogge learlingen fan 'e Fryske ROC's en wurkleaze jongeren mei.
De earste wurkchat wie tiisdei by de Friese Poort yn Ljouwert. As oplossings kamen de learlingen oan mei minder staazjeplakken en mear wurkplakken, en âldere wurknimmers dy't jongerein coache.