Blessuere Lejsal falt ta

Martin Lejsal
De blessuere fan Hearrenfeankeeper Martin Lejsal falt ta. De Tsjechyske doelman hat foar ûndersyk nei it sikehûs west, mar dêr die bliken dat syn skouder gjin skea oprûn hat.
Lejsal fûl sneon yn de wedstriid tsjin Heracles nei 45 minuten út mei in blessuere. De fjirde keeper, Diederik Bangma, moast him doe ferfange. Brian Vandenbussche, gewoanwei de earste doelman, is noch blesseard, mar hat al wol wer meitraind. Freed wurdt besjoen wa't sneon tsjin AZ keepe kin.