Opfallende bedriuwsauto poater

Yn Surhústerfean is it ôfrûne wykein in bedriuwsauto stellen. Opfallend oan de auto is dat der oan beide kanten mei grutte letters Fiat op stiet.
De wite Fiat Scudo wie parkeard op in bedriuweterrein oan 'e Tsjerkestrjitte yn it doarp. De dieven hawwe it stek iepenbrutsen om op it terrein te kommen. In 41-jierrige ynwenner fan Surhústerfean hat oanjefte dien.