Bannen 30 auto's lekstutsen
Yn Drachten binne fan sneon op snein de bannen lekstutsen fan tritich auto's. Se stiene parkeard oan de Nova Cura en de Orion. De dieders binne noch net fûn.
De plysje wol de dieders graach oanhâlde, sadat de skea ferhelle wurde kin. Minsken dy't wat sjoen hawwe, wurdt frege oft se har melde wolle.