Kongres oer wurdboeken

De Fryske Akademy hâldt dizze simmer in ynternasjonaal kongres oer wurdboeken. It giet om Euralex, dat foar de fjirtjinde kear hâlden wurdt. Dêrfoar komme yn it WTC Expo útjouwers, wurdboekmakkers en oaren byinoar om te praten oer wurdboeken foar minderheidstalen.
It kongres is fan 6 oant 10 july. Dêr wurdt ek de online-ferzje fan it 25-dielige Wurdboek foar de Fryske Taal presintearre.