Ferfolch op bûsjildprojekt

01 mrt 2010 - 21:46

It bûsjildprojekt fan de gemeente Ljouwert wurdt mooglik ek yn oare gemeenten ynfierd. By it projekt kinne jongeren troch putsjes te dwaan jild fertsjinje.

It projekt draait al in skofke yn Ljouwert. Stichting Welzijn Leeuwarden helpt sa jongeren dy't ekstra omtinken nedich hawwe kwa wurkûnderfining. Yn Harns, Hearrenfean en Dongeradiel is it bûsjildprojekt ek yntrodusearre. De gemeenten binne entûsiast, mar moatte noch beslute oft it ynfierd wurdt.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)