Ljouwert wol bêste binnenstêd

01 mrt 2010 - 21:39

De Ljouwerter binnenstêd krijt in eigen projektmanager. Dy moat soargje foar mear besikers, dy't mear jild útjouwe sadat der minder gebouwen leechsteane.

Dêrfoar lient de gemeente Ljouwert in meiwurker fan de Keamer fan Keaphannel: Klaas van den Berg komt in jier by de gemeente yn tsjinst. Hy moat de makelers yn de stêd safier krije dat se mear gearwurkje en soargje foar mear spesjaalsaken. Der is 1,6 miljoen euro foar ferbettering.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)