Subsydzje foar golfapparaatsje

01 mrt 2010 - 21:15

It Ljouwerter bedriuw Technologies88 komt dit jier mei in digitale wrâldprimeur. It bedriuw krijt 500.000 euro fan de Noordelijke Ontwikkelingsmaatschappij om de Digitale Golfcoach fierder te ûntwikkeljen en op de merk te bringen.

Sels hat Technologies88 al mear as in miljoen euro yn it projekt ynfesteard. It giet om in digitaal apparaatsje wêrmei de golfer syn spul in ein ferbetterje kin. Mar it apparaat kin ek brûkt wurde by revalidaasje.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)