Ljouwert skoart yn klimaatlist

01 mrt 2010 - 18:49

Ljouwert, Boalsert en Tytsjerksteradiel binne de meast klimaatfreonlike Fryske gemeenten. Se steane op it fjirde, fiifde en sânde plak fan de list fan de gearwurkjende provinsjale miljeufederaasjes.

Tilburg docht it meast om klimaatneutraal te wurkjen, de suksesformule dêr is de gearwurking tusken ûndernimmers, organisaasjes en oerheid. Ljouwert besiket lanlik foarop te rinnen op miljeumêd en wol yn 2020 hielendal klimaatneutraal wêze.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)