Fricolore komt mei dosintepool

De website fan Fricolore
Fricolore ûnderwiisgroep begjint mei in útstjoerburo in eigen pool fan fleksibele dosinten. Dizze kinne by it útfallen fan lessen ynset wurde op de 15 gearwurkjende middelbere skoallen. Ek by skoallen dêr't it learlingetal sterk ôf- of tanimt kinne fleksibele dosinten ynset wurde.
Fierder hoopke de skoallen sa de fergrizing ûnder it personiel goed opheine te kinnen. De personielsleden komme yn tsjinst fan in útstjoerburo en wurde betelle neffens de cao.